Reparatie brug aan Mounepaad

Het bruggetje bij de molen wordt aankomende maandag, 18 januari 2021, eruit gehaald ( het zogenoemde Mounepaad) voor onderhoud en reparatie. Er zijn enige weken nodig om de nodige werkzaamheden, zoals aanbrengen walbeschoeiing en vervangen van het betonpad (tot aan de molen) te verrichten. Hoelang het duurt hangt ook af van weersomstandigheden. Er komen borden bij en hekken om dit gedeelte af te schermen.

Doarpsbelang Wânswert 75 jier

Wânswert / Lyts Brussel

Doarpsbelang Wânswert bestie foarich jier (wat heart dat al wer in skoft lyn!) op 8 maaie 2019 mar leafst 75 jier. In reden foar foarsitter Goffe de Boer om yn de penne te klimmen. Sjoch de brief hjirûnder.
Der is foar dizze gelegenheid dus in Jierdeikalinder makke mei allegear ‘hichtepunten’ yn dy 75 jier doarpsbelang. De kalinder is krekt noch yn 2019 útsutele wurden oan de leden fan doarpsbelang en dêrby is net al te krekt sjoen, dat der binne ek in stik as wat net-leden dy’t him al krigen hawwe.
It bankrekkennûmer fan Doarpsbelang by the way is NL42RABO 0320 2895 16 ûnf Jubileumkalinder.
Mar foar alle belangstellenden en Wânswerters-om-utens is der no gelegenheid om ek sa’n jubileumkalinder yn ‘e hûs of it lytste keammerke te krijen. Hja jilde 5 euro en binne te besetten by foarsitter Goffe de Boer, Goslingawei 11, telefoannûmers: 0519 – 332290 / 06 – 22061979 en as by Jan Bekius, skathâlder fan doarpsbelang, Hy hat telefoannûmer 0519 – 842025 en wennet op De Buorren 11 yn Lyts Brussel. Ik soe der net te lang mei wachtsje. DB kin der net oan begjinne om de kalinders te ferstjoeren want dan giet der tefolle jild achteroan, miskien kinne jimme famyljeleden sjarterje en dan foar de hiele famylje bestelle en meinimme litte.

Desimber 2019

Alle Wânswerters-om-utens:

De jierdeikalinder dy’t hjir no foar jimme leit, wurdt jimme oanbean troch Doarpsbelang Wânswert. Doarpsbelang bestiet dit jier nammentlik 75 jier!
Wy hawwe der wakker op omstind hoe’t wy dêr op passende wize efkes stil by stean koene yn dizze sa jachtige tiid.
It idee om in jierdeikalinder út te jaan as presintsje foar ús leden, foel der by alle bestjoersleden wakker yn. Wy as Doarpsbelang binne ommers sels jierdei en sa’n jierdeikalinder hâldt ek altiten syn aktuele wearde.
Ek al is it plak dêr’t sa’n kalinder komt te hingjen gauris it lytste keammerke yn ‘e hûs. Dat bliuwt wol it plak dêr’t de minsken alle dagen in kear komme en men dan it nuttige mei it noflike kombineare kin: de deistige boadskip, sjen wa’t der dy deis jierdei is en tagelyk op in tagonklike wize op de hichte komme fan de resinte skiednis fan Lyts Brussel.
In jierdeikalinder meitsje is fansels makliker útsprutsen as dien. Wy hawwe Wânswerter om utens Pieter van der Bij út Damwâld ree fûn om ús der by te helpen. Dy hat op syn beurt âld Wânswerter Wiebrig Reitsma-de Boer út Burdaard frege om de lay out op har noed te nimmen. Wy wolle se noch bedanke foar it wurk dat se der yn stutsen hawwe.
Hoe is de opset fan de kalinder? Op de jierdeikalinder by elke moanne in foto mei in ferhaaltsje wêryn’t in foarfal as in foar it doarp wichtige feroaring west hat yn de 75 jier dat Doarpsbelang bestiet. It wie de ynstek om alle desennia sa’n bytsje oan bar komme te litten mar de praktyk wiisde út dat der yn it iene tiidrek wat mear te rêden west hat as yn de oare tsien jier. Boppedat moasten ek alle fasetten yn it doarp sa’n bytsje harren gerak krije. Yn dy 75 jier hat de tiid net stil stien en is Wânswert op mear plakken aardich feroare en yn ús eagen aardich ferbettere en dêr hat Doarpsbelang min as mear har bydrage oan leverje kinnen. Mar as jo de tsjinwurdige wurklyst fan in gearkomste fergelykje mei dy fan maaie 1944 dan liket der yn al dy jierren ek wer net safolle feroare .. Wânswert soe Wânswert net wêze as it net op de lêste haren en snaren makke wurde moast mar wy kinne sizze dat wy der yn slagge binne om de kalinder noch yn it jubileumjier oanbiede te kinnen. En, sa sizze wy sels, it risseltaat mei der wat ús oanbelanget wêze, al litte wy dat oardiel leaver oan jimme sels oer.
Yn alle gefallen wolle wy jimme in soad lês- en sjochnocht tawinskje mei dizze jierdeikalinder. Wy rjochtsje ús no wer op de takomst en hoopje dat foardat wy ús 100e jierdei fiere meie, der in rûnwei om Wânswert hinne leit. Dat sil him oan ús net lizze.
Goffe de Boer, foarsitter, út namme fan Doarpsbelang

Kabelnoord legt glasvezel aan in Ferwerderadiel, nog aanmelden tot 22 juli 2019

 

Kabelnoord legt glasvezel aan in Ferwerderadiel

8 juli 2019

De glasvezelcampagne (ook wel vraagbundeling genoemd) in het buitengebied van de voormalige gemeente Ferwerderadiel is in volle gang. Eind juni werd al bekend dat de aanleg van glasvezel door Kabelnoord definitief doorgaat in deze gemeente. Iedereen die zich aanmeldt voor een abonnement bij één van de providers, krijgt gegarandeerd een glasvezelaansluiting van Kabelnoord.

Aanmelden vóór 22 juli = gegarandeerd glasvezel
Iedereen die is aangeschreven kan zich tot 22 juli aanstaande aanmelden voor een glasvezelaansluiting van Kabelnoord. Aanmelden kan via www.glasvezel.frl/ferwerderadiel of via de toegestuurde aanmeldformulieren.

Meld je aan voor een vrijblijvend adviesgesprek
Heb je vragen of heb je hulp nodig bij het samenstellen van een abonnement bij een provider? Meld je dan aan voor een keukentafelgesprek of bel op werkdagen tussen 8.00 en 17.00 uur Kabelnoord: 0519-701701.

Het laatste glasvezelnieuws in je mailbox
Wil je ook op de hoogte blijven van het laatste glasvezelnieuws in jouw gemeente? Meld je dan aan voor de digitale nieuwsbrief

Zorgen over iemand met verward gedrag? Laat het weten via het Meld- en adviespunt verward gedrag

Sûnt maaie 2019 kinsto dyn soarch oer immen dy’t slim yn ’e war is trochjaan oan in spesjaal dêrfoar ynrjochte meld- en advyspunt (0800-1771). Do kinst it Meld- en advyspunt foar betize minsken (Meld- en adviespunt verward gedrag) 24 oeren deis, 7 dagen yn ’e wike, berikke foar it stellen fan fragen en it dwaan fan in melding by in yngewikkelde situaasje oangeande in persoan dy’t slim yn ’e war is. It giet dan om in situaasje dy’t omtinken fertsjinnet, mar net akkút oplost hoecht te wurden.

Wannear is immen slim yn ’e war? Minsken kinne bygelyks slim yn ’e war wêze troch in psychyske oandwaning, of as se ûnder ynfloed of demintearjend binne. Soms hawwe minsken ek oare problemen, lykas skulden, of dat se har wurk kwyt reitsje of net folle sosjale kontakten hawwe. Immen kin ek slim yn ’e war reitsje nei in grut emosjoneel barren. Faak sykje sokke minsken út harsels gjin help.

Hoe doch ik in melding? Dat kinst telefoanysk dwaan fia 0800-1771 of digitaal fia it formulier op http://www.ggdfryslan.nl/verwardgedrag. De meiwurkers fan it meld- en advyspunt binne professionals mei ûnderfining. Se jouwe omtinken en oan ‘e hân fan ‘e goede fragen wurde de ferfolchstappen bepaald. Soms geane se sels nei de oanbelangjende persoan ta om gau passende help biede te kinnen. Dat dogge se safolle mooglik yn ôfstimming mei ynstânsjes dy’t al belutsen binne. It meld- en advyspunt soarget derfoar dat sinjalen oangeande betize persoanen op ‘e tiid oppakt wurde. Sa wurdt tefoaren kommen dat in situaasje út ‘e hân rint en dat der ûnnedich ûnrêst en leed ûntstiet.

Mear ynformaasje It meld- en advyspunt is yn it libben roppen omdat it oantal meldingen oangeande betize persoanen de lêste jierren tanimt. Op dit stuit komme in soad meldingen by de plysje binnen, mar as der gjin sprake is fan in strafber feit en de feiligens net yn gefaar is, is dat net de oanwiisde ynstânsje. Faak leit der ûnder soksoarte meldingen in soarchferlet. Dêr kin it meld- en advyspunt by helpe. Op http://www.ggdfryslan.nl/verwardgedrag fynst mear ynformaasje en in animaasjefideo oer hoe’t it meld- en advyspunt wurket.

Sinds mei 2019 kun je jouw zorgen over een persoon met verward gedrag melden bij een speciaal daarvoor ingericht meld- en adviespunt (0800-1771). Je kunt het Meld- en adviespunt verward gedrag 24 uur per dag, 7 dagen per week, bereiken voor hetstellen van vragen en het doen van een melding bij een ingewikkelde situatie rondom een persoon met verward gedrag. Het gaat dan om een situatie die aandacht verdient, maar niet acuut opgelost hoeft te worden.

Wat is verward gedrag? Verward gedrag kan bijvoorbeeld voorkomen bij mensen die een psychische aandoening hebben, onder invloed zijn of dementerend. Soms hebben mensen ook andere problemen, zoals schulden, verlies van werk of weinig sociale contacten. Iemand kan ook verward raken na een grote emotionele gebeurtenis. Vaak zoekt iemand uit zichzelf geen hulp.

Hoe doe ik een melding? Dat kun je telefonisch via 0800-1771 of digitaal via het formulier op http://www.ggdfryslan.nl/verwardgedrag doen. De medewerkers van het meld- en adviespunt zijn ervaren professionals die aandacht geven en aan de hand van de juiste vragen de vervolgstappen bepalen. Soms gaan ze zelf naar de persoon over wie het gaat toe om snel passende hulp te kunnen bieden. Dit doen ze zoveel mogelijk in afstemming met instanties die al betrokken zijn. Het meld- en adviespunt zorgt ervoor dat signalen rondom personen met verward gedrag vroegtijdig worden opgepakt. Zo voorkomen ze dat een situatie uit de hand loopt en onnodig onrust en leed veroorzaakt.

Meer informatie Het meld- en adviespunt is gewenst omdat het aantal meldingen rondom personen met verward gedrag de laatste jaren stijgt. Op dit moment komen veel meldingen bij de politie binnen, maar wanneer er geen sprake is van een strafbaar feit en de veiligheid niet in het geding is, is dit niet de aangewezen instantie. Vaak ligt er onder dergelijke meldingen een zorgbehoefte. Daar kan het meld- en adviespunt bij helpen. Op http://www.ggdfryslan.nl/verwardgedrag vind je meer informatie en een animatievideo over hoe het meld- en adviespunt werkt.