Doarpsfeest Wânswert: in brûzjend jierliks barren yn augustus!

Sûnt 2015 hat in nije ploech jongelju út Wânswert en omkriten de jierlikse organisaasje fan it feest fan Wânswert oernaam. 25 jier lang waard dit barren alle jierren organisearre troch toulûkferiening De Roppers. In nije ploech jongerein hat de tankbare taak op harren naam en soargje der foar dat der in moai program foar jong én âld yn olkoar set wurdt.

It Doarpsfeest Wânswert fynt jierliks plak yn it twadde wykein fan augustus. Fêste ûnderdielen op it program binne op de woansdeis de domme jûn mei ferkiezing fan de domste (of slûchslimste) fan it doarp. De winner kriget de wikselpriis (Wânswerter fox) en in moai oantinken. De tongersdeis fynt der meastentiids pylkje smiten plak mei in grut tal dielnimmers. Op de freeds is der it tradysjonele toulûken. Teams fan twa froulju en fjouwer mânlju geane meielkoar de striid oan. Nei ôfrin is der yn de tinte altiten in goed stik musyk programmeard. De freeds en sneons draait ek altiten de nostalgyske draaimûne en sweef fergees . Sneonemiddeis wurde der altiten bernespultsjes organiseare yn gearwurking mei de jeugdkommisje. De jûns binne der dan noch aparte spultjes by de tinte (tink oan aaigoaie, sekslaan boppe in bak mei wetter, heafoarke darte of soksawat). Nei de spultsjes barst dan as útsetter it grutte feest los mei in ferneamde TOP-100 band. Ut de fiere omkriten fan Wânswert wei komme jong en âld foar in moai stik musyk en feest.

Hâld foar mear ynformaasje de Facebook-side Doarpsfeest Wânswert yn ‘e gaten (https://www.facebook.com/DoarpsfeestWanswert/).

Neist it doarpsfeest organisearret de kommisje ek nog jierliks wat ferskate aktiviteiten en sa no en dan ek noch wol ris in sittinkje om wat foar reden dan ek.

De organisearrende kommisje bestiet út Samuel Oberman (foarsitter), Erik Terpstra (sekretaris), Douwe Zijlstra (ponghâlder), Sake Tolsma, Symen Tolsma, Tseard de Boer, Pieter Anne Tacoma, Marcus Oberman, Sergio Boscolo en Rainer de Groot