Feestdei 7 augustus 2021

Doarpsgenoaten,

Spitich genôch ek dit jier net in grut Doarpsfeest Wânswert. Dêrom dit jier wer in lytse edysje op it fjildsje Oan ‘e Kamp. Op sneon 7 augustus stiet der in feestdei op it program foar de ynwenners fan Wânswert, Tergrêft en Bartlehiem.

Om 14:00 oere hinne begjinne wy mei in oantal spektakulaire wetter spultsjes foar jong & âld. Graach sportieve klean oan dwaan dy’t wiet wurde kinne. De spultsjes duorje oant 17.00 oere. Nei in koarte pauze geane we dan om 19.00 oere fierder en wurdt de bakplaat opstookt. Der is foar eltsenien in lekker stik fleis te krijen. Ek sil der genôch drinken wêze foar de oanwêzigen.

Wy geane der fanút dat elkenien de jildende coronaregels yn acht nimt!

Feestkommisje Wânswert

Bloemenactie 2021

Bloemenactie

muziekvereniging Concordia

De corona crisis is nog steeds niet voorbij…..

In verband met de geldende regels kunnen we nu helaas nog steeds niet bij u aan de deur komen om u weer zelf geraniums uit te laten zoeken.

Maar er is er nog wel de mogelijkheid voor bestellen!

U kunt van 26 april tot 2 mei via een telefonische/mail bestelling aangeven welke en hoeveel geraniums u wilt ontvangen. De verkoop prijs is dezelfde gebleven. U kunt kiezen uit

Staande: Oud rood, roze, fuchsia, wit, zalm en 2 kleuren

Hangend: Oostenrijks rood, dubbele wit, roze en d. rood en 2 kleuren

Wanneer de bestelling binnen is, wordt deze van 3 tot 6 mei bij u thuis bezorgd. Tegelijk met de bestelling ontvangt u een briefje met verdere instructies omtrent betalen etc.

De bloemen staan vanaf 3 mei voor Burdaard bij Doede en Tsjikke als u de bestelling zelf op wilt halen.

Voor Wânswert staan ze bij Willem en Tietie Tolsma.

We willen iedereen bedanken voor het vertrouwen van de afgelopen jaren, waarin we altijd veel bloemen hebben verkocht.

Wij hopen echt u volgend jaar weer zelf te bezoeken!

Bestellen:

Burdaard: 0519 332680 (Doede en Tsjikke) of 06 36259368 (Aukje) of via de mail: brassbandconcordia@hotmail.com

Wânswert bij Willem en Tietie 06-30755842 of via de mail: wenttolsma@hetnet.nl

Reparatie brug aan Mounepaad

Het bruggetje bij de molen wordt aankomende maandag, 18 januari 2021, eruit gehaald ( het zogenoemde Mounepaad) voor onderhoud en reparatie. Er zijn enige weken nodig om de nodige werkzaamheden, zoals aanbrengen walbeschoeiing en vervangen van het betonpad (tot aan de molen) te verrichten. Hoelang het duurt hangt ook af van weersomstandigheden. Er komen borden bij en hekken om dit gedeelte af te schermen.

Doarpsbelang Wânswert 75 jier

Wânswert / Lyts Brussel

Doarpsbelang Wânswert bestie foarich jier (wat heart dat al wer in skoft lyn!) op 8 maaie 2019 mar leafst 75 jier. In reden foar foarsitter Goffe de Boer om yn de penne te klimmen. Sjoch de brief hjirûnder.
Der is foar dizze gelegenheid dus in Jierdeikalinder makke mei allegear ‘hichtepunten’ yn dy 75 jier doarpsbelang. De kalinder is krekt noch yn 2019 útsutele wurden oan de leden fan doarpsbelang en dêrby is net al te krekt sjoen, dat der binne ek in stik as wat net-leden dy’t him al krigen hawwe.
It bankrekkennûmer fan Doarpsbelang by the way is NL42RABO 0320 2895 16 ûnf Jubileumkalinder.
Mar foar alle belangstellenden en Wânswerters-om-utens is der no gelegenheid om ek sa’n jubileumkalinder yn ‘e hûs of it lytste keammerke te krijen. Hja jilde 5 euro en binne te besetten by foarsitter Goffe de Boer, Goslingawei 11, telefoannûmers: 0519 – 332290 / 06 – 22061979 en as by Jan Bekius, skathâlder fan doarpsbelang, Hy hat telefoannûmer 0519 – 842025 en wennet op De Buorren 11 yn Lyts Brussel. Ik soe der net te lang mei wachtsje. DB kin der net oan begjinne om de kalinders te ferstjoeren want dan giet der tefolle jild achteroan, miskien kinne jimme famyljeleden sjarterje en dan foar de hiele famylje bestelle en meinimme litte.

Desimber 2019

Alle Wânswerters-om-utens:

De jierdeikalinder dy’t hjir no foar jimme leit, wurdt jimme oanbean troch Doarpsbelang Wânswert. Doarpsbelang bestiet dit jier nammentlik 75 jier!
Wy hawwe der wakker op omstind hoe’t wy dêr op passende wize efkes stil by stean koene yn dizze sa jachtige tiid.
It idee om in jierdeikalinder út te jaan as presintsje foar ús leden, foel der by alle bestjoersleden wakker yn. Wy as Doarpsbelang binne ommers sels jierdei en sa’n jierdeikalinder hâldt ek altiten syn aktuele wearde.
Ek al is it plak dêr’t sa’n kalinder komt te hingjen gauris it lytste keammerke yn ‘e hûs. Dat bliuwt wol it plak dêr’t de minsken alle dagen in kear komme en men dan it nuttige mei it noflike kombineare kin: de deistige boadskip, sjen wa’t der dy deis jierdei is en tagelyk op in tagonklike wize op de hichte komme fan de resinte skiednis fan Lyts Brussel.
In jierdeikalinder meitsje is fansels makliker útsprutsen as dien. Wy hawwe Wânswerter om utens Pieter van der Bij út Damwâld ree fûn om ús der by te helpen. Dy hat op syn beurt âld Wânswerter Wiebrig Reitsma-de Boer út Burdaard frege om de lay out op har noed te nimmen. Wy wolle se noch bedanke foar it wurk dat se der yn stutsen hawwe.
Hoe is de opset fan de kalinder? Op de jierdeikalinder by elke moanne in foto mei in ferhaaltsje wêryn’t in foarfal as in foar it doarp wichtige feroaring west hat yn de 75 jier dat Doarpsbelang bestiet. It wie de ynstek om alle desennia sa’n bytsje oan bar komme te litten mar de praktyk wiisde út dat der yn it iene tiidrek wat mear te rêden west hat as yn de oare tsien jier. Boppedat moasten ek alle fasetten yn it doarp sa’n bytsje harren gerak krije. Yn dy 75 jier hat de tiid net stil stien en is Wânswert op mear plakken aardich feroare en yn ús eagen aardich ferbettere en dêr hat Doarpsbelang min as mear har bydrage oan leverje kinnen. Mar as jo de tsjinwurdige wurklyst fan in gearkomste fergelykje mei dy fan maaie 1944 dan liket der yn al dy jierren ek wer net safolle feroare .. Wânswert soe Wânswert net wêze as it net op de lêste haren en snaren makke wurde moast mar wy kinne sizze dat wy der yn slagge binne om de kalinder noch yn it jubileumjier oanbiede te kinnen. En, sa sizze wy sels, it risseltaat mei der wat ús oanbelanget wêze, al litte wy dat oardiel leaver oan jimme sels oer.
Yn alle gefallen wolle wy jimme in soad lês- en sjochnocht tawinskje mei dizze jierdeikalinder. Wy rjochtsje ús no wer op de takomst en hoopje dat foardat wy ús 100e jierdei fiere meie, der in rûnwei om Wânswert hinne leit. Dat sil him oan ús net lizze.
Goffe de Boer, foarsitter, út namme fan Doarpsbelang

Kabelnoord legt glasvezel aan in Ferwerderadiel, nog aanmelden tot 22 juli 2019

 

Kabelnoord legt glasvezel aan in Ferwerderadiel

8 juli 2019

De glasvezelcampagne (ook wel vraagbundeling genoemd) in het buitengebied van de voormalige gemeente Ferwerderadiel is in volle gang. Eind juni werd al bekend dat de aanleg van glasvezel door Kabelnoord definitief doorgaat in deze gemeente. Iedereen die zich aanmeldt voor een abonnement bij één van de providers, krijgt gegarandeerd een glasvezelaansluiting van Kabelnoord.

Aanmelden vóór 22 juli = gegarandeerd glasvezel
Iedereen die is aangeschreven kan zich tot 22 juli aanstaande aanmelden voor een glasvezelaansluiting van Kabelnoord. Aanmelden kan via www.glasvezel.frl/ferwerderadiel of via de toegestuurde aanmeldformulieren.

Meld je aan voor een vrijblijvend adviesgesprek
Heb je vragen of heb je hulp nodig bij het samenstellen van een abonnement bij een provider? Meld je dan aan voor een keukentafelgesprek of bel op werkdagen tussen 8.00 en 17.00 uur Kabelnoord: 0519-701701.

Het laatste glasvezelnieuws in je mailbox
Wil je ook op de hoogte blijven van het laatste glasvezelnieuws in jouw gemeente? Meld je dan aan voor de digitale nieuwsbrief