Playbackshow 23 november 2024

23 NOVIMBER PLAYBACKSHOW YN ELDORADO

Bêste doarpsgenoaten,

Nei it grutte sukses fan ferline jier noeget de feestkommisje fan Wânswert alle ynwenners fan Wânswert en omkriten út om mei te dwaan oan in âlderwetske PLAYBACKSHOW yn ús Doarpshûs Eldorado! It barren is foar jong én âld, eltsenien is dus wolkom. In DJ sil soargje foar de muzikale yntermezzo’s en ôfslúting. We begjinne om 20.00 oere. Nei ôfrin in lytse karaoke en musykje foar de leafhawwer!

Opjaan kin oant en mei 18 novimber fia 06 435 207 66. Tagong is fergees en in gesellich jûn is garandearre!

Oant sneon 23 novimber yn Doarpshus Eldorado!

Stichting Feestcommissie Wânswert