Doarpsbelang
Wânswert bestie foarich jier (wat heart dat al wer in skoft lyn!) op 8
maaie 2019 mar leafst 75 jier. In reden foar foarsitter Goffe de Boer om
yn de penne te klimmen. Sjoch de brief hjirûnder.
Der is foar
dizze gelegenheid dus in Jierdeikalinder makke mei allegear
‘hichtepunten’ yn dy 75 jier doarpsbelang. De kalinder is krekt noch yn
2019 útsutele wurden oan de leden fan doarpsbelang en dêrby is net al te
krekt sjoen, dat der binne ek in stik as wat net-leden dy’t him al
krigen hawwe.
It bankrekkennûmer fan Doarpsbelang by the way is NL42RABO 0320 2895 16 ûnf Jubileumkalinder.
Mar foar alle belangstellenden en Wânswerters-om-utens is der no
gelegenheid om ek sa’n jubileumkalinder yn ‘e hûs of it lytste keammerke
te krijen. Hja jilde 5 euro en binne te besetten by foarsitter Goffe de
Boer, Goslingawei 11, telefoannûmers: 0519 – 332290 / 06 – 22061979 en
as by Jan Bekius, skathâlder fan doarpsbelang, Hy hat telefoannûmer 0519
– 842025 en wennet op De Buorren 11 yn Lyts Brussel. Ik soe der net te
lang mei wachtsje. DB kin der net oan begjinne om de kalinders te
ferstjoeren want dan giet der tefolle jild achteroan, miskien kinne
jimme famyljeleden sjarterje en dan foar de hiele famylje bestelle en
meinimme litte.
Desimber 2019
Alle Wânswerters-om-utens:
De jierdeikalinder dy’t hjir no foar jimme leit, wurdt jimme oanbean troch Doarpsbelang Wânswert. Doarpsbelang bestiet dit jier nammentlik 75 jier!
Wy hawwe der wakker op omstind hoe’t wy dêr op passende wize efkes stil by stean koene yn dizze sa jachtige tiid.
It idee om in jierdeikalinder út te jaan as presintsje foar ús leden, foel der by alle bestjoersleden wakker yn. Wy as Doarpsbelang binne ommers sels jierdei en sa’n jierdeikalinder hâldt ek altiten syn aktuele wearde.
Ek al is it plak dêr’t sa’n kalinder komt te hingjen gauris it lytste keammerke yn ‘e hûs. Dat bliuwt wol it plak dêr’t de minsken alle dagen in kear komme en men dan it nuttige mei it noflike kombineare kin: de deistige boadskip, sjen wa’t der dy deis jierdei is en tagelyk op in tagonklike wize op de hichte komme fan de resinte skiednis fan Lyts Brussel.
In jierdeikalinder meitsje is fansels makliker útsprutsen as dien. Wy hawwe Wânswerter om utens Pieter van der Bij út Damwâld ree fûn om ús der by te helpen. Dy hat op syn beurt âld Wânswerter Wiebrig Reitsma-de Boer út Burdaard frege om de lay out op har noed te nimmen. Wy wolle se noch bedanke foar it wurk dat se der yn stutsen hawwe.
Hoe is de opset fan de kalinder? Op de jierdeikalinder by elke moanne in foto mei in ferhaaltsje wêryn’t in foarfal as in foar it doarp wichtige feroaring west hat yn de 75 jier dat Doarpsbelang bestiet. It wie de ynstek om alle desennia sa’n bytsje oan bar komme te litten mar de praktyk wiisde út dat der yn it iene tiidrek wat mear te rêden west hat as yn de oare tsien jier. Boppedat moasten ek alle fasetten yn it doarp sa’n bytsje harren gerak krije. Yn dy 75 jier hat de tiid net stil stien en is Wânswert op mear plakken aardich feroare en yn ús eagen aardich ferbettere en dêr hat Doarpsbelang min as mear har bydrage oan leverje kinnen. Mar as jo de tsjinwurdige wurklyst fan in gearkomste fergelykje mei dy fan maaie 1944 dan liket der yn al dy jierren ek wer net safolle feroare .. Wânswert soe Wânswert net wêze as it net op de lêste haren en snaren makke wurde moast mar wy kinne sizze dat wy der yn slagge binne om de kalinder noch yn it jubileumjier oanbiede te kinnen. En, sa sizze wy sels, it risseltaat mei der wat ús oanbelanget wêze, al litte wy dat oardiel leaver oan jimme sels oer.
Yn alle gefallen wolle wy jimme in soad lês- en sjochnocht tawinskje mei dizze jierdeikalinder. Wy rjochtsje ús no wer op de takomst en hoopje dat foardat wy ús 100e jierdei fiere meie, der in rûnwei om Wânswert hinne leit. Dat sil him oan ús net lizze.
Goffe de Boer, foarsitter, út namme fan Doarpsbelang