Wanneer:
13 januari 2018 @ 20:00
2018-01-13T20:00:00+01:00
2018-01-13T20:15:00+01:00
Waar:
Eldorado Wanswert
Kosten:
10 euro, donateur Eldorado 7,50 p.p

t duo Klún en Knoffelhakke bestiet út de spilers Broer Douma en Hendrik van der Heide út Hantum.Sûnt 1994 binne se op’n paad mei harren jûnsfoljende programma’s en dat slacht oan, want Klún en Knoffelhakke binne alle wiken wol earne op in poadium te finen. Sa stadichoan komt it duo troch hiel Fryslân en oeral is it fleurich en gesellich!De programma’s fan Klún en Knoffelhakke litte harren it bêste omskriuwe as typkesteater, wêryn it publyk ek net fergetten wurdt. Klún en Knoffelhakke besykje der in sjo fol mei nuvere typkes en frjemde foarfallen fan te meitsjen. Al dy frjemde fûgels ha op ien of oare wize te krijen mei in nuveraardich ferhaal, in reade tried, dy’t Klún enKnoffelhakke altyd yn harren foarstelling besykje te stopjen.It duo hat eins mar ien doel: de minsken in noflike jûn besoargje.

Opgeven bij Toos 0518 432400 of Ukie 0519-332791

Hjir ûnder noch in koart ferslach fan de foarstelling:

Utsein harsels, spilet it duo komysk oanklaaide typkes, dy’t yn moai oan inoar fêstknope sênes foarby komme. De petearen dêryn rinne goed en de timing fan de grappen is prima. In prachtsêne is dy fan it skoalreiske…Harren dialogen,
dwaan en litten roppe hieltyd wer de laits op. It sjongen giet har goed ôf en de wizen bringe fleur. Sels dy fan it slotliet, dat spitigernôch de ein betsjut fan dit oer alle boegen oangename programma. Sa wurde Broer en Hendrik wer ‘Dikke Maten’.
Maten mei in show, dy’t ‘dik’ yn oarder is…

 

http://www.klun-knoffelhakke.nl/

Plaats een reactie