Dorpsfeest van 7 t/m 10 augustus

Wanneer:
7 augustus 2019 @ 21:00 – 11 augustus 2019 @ 01:30
2019-08-07T21:00:00+02:00
2019-08-11T01:30:00+02:00

Woansdei 7 augustus: Domme Jûn
Tradisjoneel wurdt it Wânswerter feest iepene mei de Domme Jûn. In hapke, in drankje en wat seure en eamelje. En fansels in ferkiezing. Ferline jier hiene wy wer ris in domste ynwenner fan it doarp en wa wit komt der dit jier wer ien. Of mooglik in tûkste of in slûchslimste doarpsgenoat. Der is mar ien manier om
der efter te kommen wa’t it wurdt en dat betsjut: Net stinne, mar der hinne! Gezelligheid kent geen tijd!

Tongersdei 8 augustus: Koppel Pylkje Smite
Ek dit jier is der op de tongersdei wat te rêden by it Doarpsfeest fan Wânswert: it prestizjeuze Pylkje Smite! It toernoai sil bestean út self makke koppels It begjint om 16:00 oere en dielname kostet 15,00 euro de koppel. Opjaan kin fia ús Facebookside of tillefoanysk by Niels Terpstra 06-23302522 Dielname is tastien foar spilers fan de twadde divyzje en leecher. Spilers moatte 16 jier of âlder wêze.

Freed 9 augustus: Toulûke en Live musyk fan The Bounty Hunters
It toulûken kin fansels net misse op it Wânswerter feest. Teams moatte bestean út op syn minst 4 manlju en 2 froulju (maksimaal 8 persoanen it team). Dielname kostet 5 euro de man, mar dan kinne je nei ôfrin wol fergees de feesttinte yn. Oars is it 10 euro yntree. Bern under de 12 meie der fergees yn.
Opjaan kin fia ús Facebookside of tillefoanysk by Douwe Sjirk Zijlstra 06-20503729 Oanfang: 19:30 oere. Nei ôfrin musyk fan
THE BOUNTY HUNTERS!

Sneon 10 augustus: Survivaltocht en Live musyk fan Super Sundays
Middeis is der fan 15.00 oere ôf in survivaltocht foar de bern fan Wânswert. Foar de jongsten is der in springkessen.
De jûns sille we spultsjes dwaan. Dit begjint om 19.00 oere neist de tinte. As útsetter fan it feest spilet de TOP-coverband
SUPER SUNDAYS! yn ‘e tinte. Kaarten binne fan 6 augustus ôf yn ‘e foarferkeap te krijen foar 12,50 euro it stik by Douwe Sjirk Zijlstra op ‘e Wirdsterterp 2 te Wânswert. De jûns oan ‘e kassa binne de kaarten 15 euro it stik.

 

 

Plaats een reactie