De Slechtvalk/Sljochtfalk yn e Wânswerter Tsjerketoer

Wanneer:
4 maart 2020 @ 20:00
2020-03-04T20:00:00+01:00
2020-03-04T20:15:00+01:00
Waar:
Petruskerk
9178 Wanswert
Nederland
Kosten:
Gratis

Ut namme fan nije aktiviteitenkommisje foar de tsjerke wolle wy graach elkenien útnûgje foar in lêzing dy’t hâlden wurde sil op

Woansdei 4 maart 2020 yn
Petrustsjerke Wânswert
om 20.00 oere
De tsjerke is al om 19.30 oere iepen
Fûgelman Gerrit Krottje sil fertelle oer de fûgels dy’t hjir yn de toer in plakje fûn hawwe:
Slechtvalk/Sljochtfalk
(Ik sil jimme ien ding alfêst ferklappe want dy Slechtvalk hyt net sa omdat it sa’n beroerde fûgel is, mar hy mei graach de saak ‘slechte’ / beslechten, sljochtsje, delhelje yn it Frysk, dat de Fryske namme is eins folle helderder ..).
Allegear komme dus want jimme wurde fanút de toer skerp yn ‘e gaten hâlden mar net op wa’t al as net betellet want de tagong is FERGEES!

Plaats een reactie