WAPEN EN FLAGGE FAN WÂNSWERT

Wapen: yn blau twa sulveren skeankrúste kuierstokken mei de krol nei bûten, rjochts en lofts beselskippe fan in gouden seispuntige stjer en boppe fan in ôfsniene sulveren foksekop en ûnder de kuierstokken in gouden terp opriizjend út de skyldfoet, belein mei in reade boarch, iepene en ferljochte fan it fjild.

Flagge: trije banen read, giel read, yn de ferhâlding 1:2:1; oer de banen in  broekingstrijehoek mei de punt op 2/3 flaggelingte, mei trije banen giel, blau, giel, yn de ferhâlding 1:2:1, yn it blau in wite ôfsniene foksekop.

Betsjutting:

De útgong fan de doarpsnamme is wert; dat betsjut terp. It earste diel fan de doarpsnamme soe in persoansnamme wêze kinne. De terp stiet ûnder yn it skyld. Neist de tsjerke dy’t op it heechste punt fan de terp stiet, stie eartiids in stins, dy’t bewenne waard troch de eale famylje Goslingha. Dizze stins stiet as in reade boarch yn de terp. De stins is ferdwûn en op dat plak stiet no in pleats.

It skyld is blau, de kleur fan de eardere gemeente Ferwerderadiel, wêr’t Wânswert ta behearde. De gouden stjerren komme út de wapens fan Ferwerderadiel en fan de Goslingha’s.

De twa kuierstokken yn it wapen symbolisearje de feehannelers dêr’t it doarp om bekend stie, wylst de foksekop ferwiist nei in folksferhaal. Neffens dit ferhaal soe in jonge út it doarp op in dizige jûn is foks sjoen hawwe. Om foar te kommen dat dit bist te ticht yn ‘e buert komme soe en mooglik foar skea soargje soe, waard besletten om it bist te fangen. Mei de oare doarpsjeugd gie er op jacht, mar troch de tichter wurdende mist, waard dit al dreger. Oant men wat bewegen seach en dêrop ôf gie, om ta de ûntdekking te kommen dat it in ûnskuldich skiep bliek te wêzen. Sûnt dy tiid steane de Wânswerders bekend as foksejeiers.

De kleuren fan de flagge komme út it wapen. It blauwe flak yn de flagge kin men sjen as in skaadbyld fan de mânske tjserketoer mei de basis op de broekside. De bynamme fan de Wânswerders, de foksekop, stiet op dit blauwe flak.

Ûntwerp: R.J. Broersma en J.C. Terluin, leden fan de Fryske Rie foar Heraldyk, yn oerliz mei Pleatslik Belang Wânswert.

Boarne: Genealogysk Jierboek 2024, (side noch net bekend).

Plaats een reactie