TUSKEN BOARNEMEAR EN BOLLEHOLLE (I)
Eltse delsetting, al hoe skiterich ek, hat sa har eigen nuveraardige plakoantsjuttings. Dy wurde mei in eigenwiis wurd ek wol toponimen neamd. Nammen dy’t al yn âlde papieren opdûkten en generaasjes lang trochjûn binne. Foar de minsken dy’t der altiten omslein hawwe, binne sokke nammen wakker eigen mar nijkommers hawwe der bytiden wol oan it benei komme te kinnen. Hawwe faak ek gjin weet fan de oarsprong en der sitte foar harren fansels ek gjin dierbere oantinkens oan. Foar dy minsken is dit in soarte fan ynboargeringskursus. Want ek Wânswert hat sa, ’tusken Boarnemear en Bolleholle’, fan dy nammen elk foar oar mei eigen ferhaal.
De Wide Hoek
It earste dat ik by d’ein ha wol is de Wide Hoek, fuortdalik al sa’n namme dy’t foar de ras-Wânswerters altiten in magyske klank hâlde sil. Der teart dan in wrâld iepen fan wetterwille – fiskjen, farren en swimmen – en by’t winter iiswille fansels, de loft noch blau fan dagen. Hawwe grif ek de warskôgings oanheard foar draaikolken, in net te bedjipjen boaiem dêr’t mânske snoeken omhúsmanje soenen. De Wide Hoek is it plak dêr’t de Wânswerter feart en de Marrumer feart gearrane ta ien wetter dat by Tergrêft yn ‘e Ie útkomt. En it snijpunt fan de beide fearten foarmet dy ‘wide’ wetterflakte. Mar ek in soad fan dy earder oanhelle Wânswerters sille grif net mear witte dat Wânswert hjir yndertiid har hurdriidwedstriden hâlde. In fûleindige striid moat him hjir om de oarlochsjierren hinne ôfspile hawwe en dan benammen dy tusken de beide meast betûfde klauwers: Jan Kingma, de heit fan Johannes’Saak, en Willem Talsma, de heit fan Simens’Geartsje. Alle kearen wie it ‘kamp’: dan wie de iene en dêrnei de oare wer de meast redsume en moast der oer riden wurde. By it folk oan ‘e kant rûn de spanning dan heech op: it gie Willems Richtsje suver te stûf: “Tink der om hear, heit is ek al ris ûnder de touwen troch flein!”. It ferhaal hat gjin winner.
It doarp hie in eigen trijehoek fan wol twa meter breed dêr’t de baan der tusken it doarp en Tergrêft mei troch makke waard. De hynders fan Bauke Talsma hawwe der wol foar rûn en moasten dan earst by de smid de ‘proppen’ ûnder krije oars glysterden se op it iis alle kanten út.
It reedriden op ‘e feart wie oars meastentiids in spultsje fan bonkebrekken want it wurk fan de molkfarders en de skipper, winkelman en fouraazjehanneler Auke Idema mei syn “Ora et Labore” moast trochgean kinne sa lang’t it noch koe dat der sieten bytiden mânske skossen yn it iis.
De Ald Piip
Likernôch healweis de eardere Kleasterdyk Wânswert – Ferwert sit in brechje en dy wurdt de Ald Piip neamd. Dat Piip sil grif te krijen hawwe mei de rûne foarm fan it keunstwurk en ‘âld’ is fansels in relatyf begrip: doe’t Jense Pieters in jier as tsien wie sei de doe 80-jierrige Ate Jongbloed (de heit fan Machiel): “Dat is de âld Piip net mar de nije!”. De hjoeddeiske brêge moat sa’n hûndert jier âld wêze.
De Piip hat eartiids op in oar plak sitten, likernôch op it plak dêr’t no de dûker ûnder de dyk Marrum – Wânswert leit. Doe rûn ek oan beide kanten noch in feart mei fansels drok skipfeartferkear. It wie dan it gewoanterjocht dat as de skipper yn ‘e fierte in hynder en wein oankommen seach dan moast er fuortdalik it seil nei ûnderen helje oars koe it hynder kjel wurde en op ‘e kletter reitsje. Dat duorre guon skippers ek wol ris wat lang dat der sil ek wol ris in raar wurd spuid wêze.
De Ferwerter skûtsjeskipper Sip Kok wie faak ûnderweis mei 30 ton bieten. Mar nuver wie it: sneontemiddeis healwei fiven wie er thús. Dêr koe men de klok op lyk sette. De boat kaam by de Ald Piip te lizzen en hy fytste dan fierder nei Ferwert. Doe’t men him frege wêrom’t er altiten sneons healwei fiven thús wêze woe antwurde er: “Dan ferskjinnet myn Anne har en dat haw ik noch noait mist”.
Der binne yn ‘e rin fan de tiid in soad ûngemakken bard op it romrofte slingerdykje. It wie itsechje dat dyjinge dy’t de dyk sûnder ûngemak nimme koe, koenen se it riidbewys sa wol jaan. De smelle en hege Piip healweis wie it grutste stroffelblok. Mar de Ald Piip wie net allinnich in skrikbyld foar dykgebrûkers ek it froulike fytsferkear hie in ôfkear fan it plak omdat der altiten ferhalen wienen oer fertsjinwurdigers fan de ferneamde poatleadfirma Bruijnzeel dy’t dêr by neare nacht warber wienen. It jout oan it wurd “Piip” wer in hiel oare lading.
“Ald” Piip is hjoed-de-dei in wat minder passende namme foar it brechje want yn it jier 2000 hat de gemeente Ferwerderadiel it brêchje yngeand opknapt en it leit der wer as ‘nij’ by. It lêste eintsje slingerdyk dat der noch is, is no fytspaad.
Mei tank oan Jense Pieters en Jense Baukes. Foar reaksjes, oanfullings en suggestjes: pvdbij@dantumadeel.nl of 0511-423878.