Feestdei 7 augustus 2021

Wanneer:
7 augustus 2021 @ 14:00
2021-08-07T14:00:00+02:00
2021-08-07T14:15:00+02:00

Doarpsgenoaten,

 

Spitich genôch ek dit jier net in grut Doarpsfeest Wânswert. Dêrom dit jier wer in lytse edysje op it fjildsje Oan ‘e Kamp. Op sneon 7 augustus stiet der in feestdei op it program foar de ynwenners fan Wânswert, Tergrêft en Bartlehiem.

 

Om 14:00 oere hinne begjinne wy mei in oantal spektakulaire wetter spultsjes foar jong & âld. Graach sportieve klean oan dwaan dy’t wiet wurde kinne. De spultsjes duorje oant 17.00 oere. Nei in koarte pauze geane we dan om 19.00 oere fierder en wurdt de bakplaat opstookt. Der is foar eltsenien in lekker stik fleis te krijen. Ek sil der genôch drinken wêze foar de oanwêzigen.

 

Wy geane der fanút dat elkenien de jildende coronaregels yn acht nimt!

 

Feestkommisje Wânswert

Plaats een reactie